Reeks Bûtenpleats op Omrop Fryslân: maandag 30 november Wie zal dat betalen?


Op Omrop Fryslân is op 26 oktober begonnen met een reeks korte films rond de staten, stinzen en buitenplaatsen: De Bûtenpleats. De reeks is vervaardigd door Moon Productions en door onze stichting ondersteund. De uitzenddata en thema's zijn:

[26-10-2020 1 – Hoe is het begonnen]

02-11-2020 2 – Eigenaren toen en nu

09-11-2020 3 – Tuinen en parken

16-11-2020 4 – In en om het huis

23-11-2020 5 – Landschap en natuur

30-11-2020 6 – Wie zal dat betalen?

07-12-2020 7 – Vrijwilligers

14-12-2020 8 – Hoe gaat het verder?

Zie hier het persbericht van Omrop Fryslân (Nederlandse versie eronder)

Ferspraat oer Fryslân binne de moaiste bûtenpleatsen te finen. De nije searje 'Bûtenpleats' fan Omrop Fryslân fertelt it ferhaal fan dy Fryske staten. Op basis fan it perspektyf fan eigners, saakkundigen, frijwilligers en oare belutsenen. Yn acht filmyske ôfleveringen wurdt de taskôger meinaam nei de skiednis, de hjoeddeiske situaasje en de takomst fan de bûtenpleatsen. De rige is fan moandei 26 oktober ôf te sjen.

Yn Bûtenpleats binne de (histoaryske) gebouwen en it omlizzende lân fan de staten yn Fryslân yn prachtige bylden te sjen. Se wurde mei in soad leafde ûnderhâlden. It hawwen en behearen fan in bûtenpleats is hjoed de dei lykwols faker in lêst as in lust. It ûnderhâld is tige kostber en it behear freget nochal wat fan de eigeners. De problemen en útdagings wurde yn de rige fan ferskate kanten beljochte oan de hân fan de ferhalen fan eigeners, saakkundigen, pachters, frijwilligers en oare belutsenen.

Fan ûntsteansskiednis ta takomstperspektyf
De earste ôflevering fan Bûtenpleats giet yn op de ûntsteansskiednis fan de Fryske stinzen en staten. De searje fiert de sjogger dêrnei fia it ferhaal fan de eardere eigeners (ôflevering twa), nei de oanleine tunen en parken (ôflevering trije), en de ûnderskate stilen yn bou en ynterieur (ôflevering fjouwer). Yn ôflevering fiif, is te sjen hokker ynfloed de eigeners fan de bûtenpleatsen hân hawwe op it Fryske lânskip, ûnder oaren troch de oanlis fan bosken. De kosten foar ûnderhâld en it sykjen nei nije boarnen fan ynkomsten steane sintraal yn ôflevering seis, en ôflevering sân lit sjen hoe wichtich ek de frijwilligers binne foar it fuortbestean fan de bûtenpleatsen. Hoe't dat fuortbestean der yn de takomst út sjen moatte soe, stiet sintraal yn de lêste ôflevering (acht). Hoe sjogge de eigeners de takomst en hoe tinkt de folgjende generaasje oer de lusten en lêsten fan it besit fan in bûtenpleats?

Bûtenpleats is fan 26 oktober ôf alle moandeis te sjen fan 17.15 oere ôf

Verspreid over Fryslân zijn de meest mooie buitenplaatsen en landgoederen te vinden. De nieuwe serie 'Bûtenpleats' van Omrop Fryslân vertelt het verhaal van deze Friese staten. Vanuit het perspectief van eigenaren, deskundigen, vrijwilligers en andere betrokkenen. In acht filmische afleveringen wordt de kijker meegenomen naar het verleden, heden en de toekomst van de buitenplaatsen. De serie is vanaf maandag 26 oktober te zien.

In Bûtenpleats zijn de (historische) gebouwen en het omringende landschap van de staten in Fryslân in prachtige beelden te zien. Ze worden met veel liefde onderhouden. Het bezitten en beheren van een buitenplaats is tegenwoordig echter vaker een last dan een lust. Het onderhoud is bijzonder kostbaar en het beheer vraagt nogal wat van de eigenaren. De problemen en uitdagingen worden in de serie van verschillende kanten belicht aan de hand van de verhalen van eigenaren, deskundigen, pachters, vrijwilligers en andere betrokkenen.

Van ontstaansgeschiedenis tot toekomstperspectief
De eerste aflevering van Bûtenpleats gaat in op de ontstaansgeschiedenis van de Friese stinzen en staten. De serie leidt de kijker daarna via het verhaal van vroegere en huidige eigenaren (aflevering twee), naar de aangelegde tuinen en parken (aflevering drie), en de diverse stijlen in bouw en interieur (aflevering vier). In aflevering vijf is te zien welke invloed de eigenaren van de landgoederen hebben gehad op het Friese landschap, onder andere door de aanleg van bossen. De kosten van onderhoud en de zoektocht naar nieuwe bronnen van inkomsten staan centraal in aflevering zes, en aflevering zeven laat vervolgens zien hoe belangrijk ook de vrijwilligers zijn voor het voortbestaan van de buitenplaatsen. Hoe dat voortbestaan er in de toekomst uit zou moeten zien, staat centraal in de laatste aflevering (acht). Hoe zien de eigenaren de toekomst en hoe staat de volgende generatie tegenover de lusten en lasten van het bezit van een buitenplaats?

Bûtenpleats is vanaf 26 oktober iedere maandag te zien vanaf 17.15 uur. Meer informatie is te vinden op: Omropfryslan.nl/butenpleats.